Harry van der Molen wiis mei ekstra jild foar Ofslútdyk: "Mar it is noch net hielendal rûn"

27 maaie 2019 - 08:46

Harry van der Molen, Twadde Keamerlid foar it CDA, is wiis mei de ekstra 40 miljoen euro foar it ferbreedzjen fan de slûzen yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Dochs hâldt er in slach om de earm. "Dit is seker in stap yn de goeie rjochting, mar wy binne der noch net. De begrutting is noch net folslein rûn en it sil noch sykjen wêze om dat gat op te foljen. Ik wol pas de slingers ophingje as der ek wier wat te fieren falt."

Foto: Camjo Media

Yn totaal is der goed 200 miljoen nedich foar it ferbreedzjen fan de slûzen. Jierrenlang wie der in grut gat yn dy begrutting, mar dêr is no wer in grutte stap set. Dochs bliuwt der noch in gat oer fan sa'n 40 miljoen euro. Nettsjinsteande it gat hat Van der Molen der alle betrouwen yn dat dit jild ek fûn wurde sil. "Wy ha noch net earder sa tichtby west. Ekonomysk betsjut dit in hiel soad foar ferskate provinsjes. Ik wit dat der efter de skermen hurd wurke wurdt oan in programma om it ferbreedzjen ek echt klear te krijen."

Soad stipe

Neffens Van der Molen hat ek Sybrand Buma, de nije boargemaster fan Ljouwert, nau belutsen west by it frij krijen fan it ekstra jild. "Mar dat jildt foar in soad Twadde Keamerleden", seit er mei klam. "Hieltyd mear minsken binne der fan oertsjûge dat bedriuwen der grutte foardielen fan ha as de berikberens op oarder is."

Harry van der Molen oer it ekstra jild

(Advertinsje)
(Advertinsje)