Kollum: "Bytsje bernich"

27 maaie 2019 - 08:27

"Omrop hat te min each foar Nederlânsktalige Friezen." It wie de titel boppe in berjocht ferline wike, dêr't myn wynbrauwen fan opsprongen. Neffens Erwin Jousma fan Forum voor Democratie jout de Omrop te min omtinken oan Nederlânsktalige Friezen. Jousma fynt it 'niet correct' dat de Omrop it nijs op radio en telefyzje wol yn it Frysk, mar net ek yn it Nederlânsk oanbiedt.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik ha der ris oer neitocht wat dat betsjut as wy hjir by de Omrop tenei ek yn it Hollânsk útstjoere soenen. Dan soe ik dizze blog dus yn it Frysk dwaan moatte, mei tuskentroch elke kear in koarte gearfetting yn it Hollânsk. Dan zou ik deze column dus in het Fries moeten doen, met tussendoor korte Nederlandse samenvattingen. Heart nergens nei of wol dan?

Ik snap dat Forum voor Democratie as nije partij noch siket nei punten dêr't se mei skoare kinne. Mar dit is wol wat bernich. Boppedat is it maklik skoaren, want wat wy hjir ek dogge by de Omrop, wy dogge it noait elkenien nei de sin. De iene fynt ús Frysk net geef genôch. In oar fynt ús just net te ferstean as wy wurden as 'bûsehifker' en 'gniisgas' brûke.

Wy moatte as Omrop mei ús tiid meigean, mar meie perfoarst gjin tiidwurden omdraaie. Wy moatte it Frysk linich brûke, mar wurden as 'ûnwaar' en 'tot straks' binne foar oaren dan wer as flokke wy yn tsjerke. Mei oare wurden: ik bin de tried wat kwyt.

En dan komt Jousma no ek nochris mei it plan dat wy tenei alle nijs op radio en telefyzje yn it Frysk én it Nederlânsk oanbiede moatte. Dat soe neffens him kinne yn de foarm fan ûndertiteling of in twadde sjoernaal mei dêryn eksakt itselde nijs, mar dan yn it Hollânsk. Yn dat gefal moat ik hjirnei nochris myn ferhaal dwaan, mar dan yn Hoog-Hollands. Dat slacht as in tange op in baarch. Als een tang op een varken.

Miskien begryp ik it net goed hear, mar as jo de radio of telefyzje oansette en jo stimme ôf op de Omrop dan ferwachtsje jo dochs nijs yn it Frysk te hearren? Dat is itselde as ik sneintejûn om sân oere de telefyzje oandoch om Studio Sport te sjen. Dan ferwachtsje ik ek gjin 'Zendtijd voor politieke partijen' of 'Heel Holland Bakt'. Dan wol ik gewoan fuotbal sjen. Gjin geouwehoer.

No, sa is dat by de Omrop ek. Wy prate Frysk, omdat dat ús taal is. En ast dêr gjin sikkepit fan snapst of better sein: fan snappe wólst - dan dochst de radio of telefyzje toch net op de Omrop? Ik zap toch ek net nei de BBC om dêrnei te eameljen dat ik gjin sek fan it Ingelsk ferstean kin? Ik stim toch ek net ôf op de ARD om ferfolgens de ôfstânsbetsjinning troch de keamer te smiten omdat se Dútsk prate?

Dus menear Jousma, der sit mar ien oplossing op. Seppe. Zappen. Of - en dat soe noch folle better wêze - in hiel lyts bytsje jo bêst dwaan om it Frysk te learen. It is wier sa dreech net. Begjin mar mei Bear Boeloe. Dat is krekt like bernich as jo programma."

(advertinsje)