Romke Kooyenga: "It is spitich, mar it is net oars"

27 maaie 2019 - 07:35

"Ik fyn it spitich, mar it is net oars." Dat seit Romke Kooyenga oer it beslút om mei syn bedriuw de Kooyenga Groep fuort te gean út Dokkum. Kooyenga kiest foar in plak yn de midden fan it lân. "Ik smyt it altyd op emoasje, histoarje en kultuer. Kooyenga is Dokkum. Mar ast sjochst nei de grutste klanten en wêr't it measte sponsorjild hinne giet, dan is dizze kar logysk."

Foto: Omrop Fryslân

De Kooyenga Groep is foar in grut part oernaam troch útstjoerburo Olympia. Dochs is dat net de reden dat it bedriuw Dokkum ferlit, seit Kooyenga mei klam. "Myn sizzenskip is fyftich prosint, dus wy ha dit tegearre besluten. Doe't ik de sifers presintearre krige, koe ik net langer ûntkenne dat wy hieltyd mear klanten yn it midden fan it lân hawwe."

Gjin waarme bân

Wa't Kooyenga seit, seit Dokkum. Dochs is de bân mei de eigen gemeente net altyd like waarm, fynt Kooyenga. "Yn myn eagen dogge wy dat yn Fryslân net goed, wy moatte folle mear om ús eigen minsken en bedriuwen tinke by oanbestegings."

Noch net hielendal wis

De minsken dy't op dit stuit yn Dokkum wurkje meie mei nei it nije kantoar, mar Kooyenga jout ta dat dit net maklik wêze sil fanwege de reistiid. "Dat is hiel pynlik." Dat syn bedriuw út Dokkum wei giet, is noch net hielendal hûndert prosint wis. Kooyenga: "Ik skat yn dat der noch 10-20 prosint kâns is dat wy hjir bliuwe, mar it stiet foar de oare 80-90 prosint wol fêst."

De Kooyenga Groep is in detasjearringbedriuw dat benammen oerheden betsjinnet fan kwalifisearre personiel en advys is foar 60 prosint oernaam troch útstjoerburo Olympia. Dy hawwe Kooyenga úteinlik oertsjûge dat it better is om yn Utert en omkriten te setteljen.

Romke Kooyenga oer it beslút om te ferhûzjen

(Advertinsje)
(Advertinsje)