Preamfarren Ljouwert krijt nije pream 'Us Heit'

27 maaie 2019 - 06:57

De Stichting Praamvaren Leeuwarden wreidet moandei de float út nei fiif preammen. De nijste pream krijt de namme 'Us Heit' en is moandeitemoarn om tsien oere feestlik yn gebrûk naam. De nijste pream is yn eigen behear makke en alle kunde fan de lêste tolve jier is hjiryn ferwurke.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Max van der Velde fan de stichting is mar wat grutsk op de nijste pream yn de float. Hy leit út wêrom't fersterking nedich wie. "Ljouwert 2018 wie in topjier foar ús mei 65.000 minsken dy't mei ús te farren gongen. Dat nimt nochal wat fan de preamen. Mar mei sa'n protte minsken komt der ek in protte jild binnen. Dit wie dé kâns om ús float út te wreidzjen."

Flinke update

De stichting hat de hiele float ûnder hannen naam, mei bygelyks elektrysk farren en in nije opstelling foar de minsken dy't meifarre. Van der Velde hat der alle fertrouwen yn dat it dit jier op 'e nij drok wurdt. "Wy ferwachtsje dat der dit jier op 'e nij in protte minsken mei ús te farren gean. De ympakt fan 2018 is sa grut dat minsken wol kommen bliuwe."

Nije skippers

Mei mear preamen moatte der ek mear skippers komme. Van der Velde: "In oantal nije minsken krijt in oplieding ta skipper. Se moatte in farbewiis ha, mar ek de nedige kennis oer Ljouwert. De nije skippers kinne in oantal kear meifarre om te sjen oft it wat foar harren is, want it hat nochal wat fuotten yn ierde", jout er ta.

It roer om

Njonken de fartochten troch Ljouwert is de stichting ek útein set mei tochten nei oare bestimmings. "Ferline jier wiene wy in soart fan Arriva, dy't sa folle mooglik minsken ferfiere moast", fertelt Van der Velde. "Dit jier wolle wy ek wat oars dwaan. Doe kaam Dekema State mei it fersyk om ek nei harren te farren. Dat dogge wy no foar skoallebern. En mei súkses, want alle tochten binne útferkocht."

Max van der Velde fan Preamfarren Ljouwert

Trefwurden: 
Ljouwert preamfarren
(advertinsje)
(advertinsje)