Boa's yn Ljouwert wolle beskikke kinne oer wapens

27 maaie 2019 - 06:31

De 40 minsken fan de Handhaving yn Ljouwert wolle wapens om har ferdigenje te kinnen. Se komme geregeld by ynsidinten wêrby't se foar harren feilichheid in wapenstôk of pepperspray graach brûke woene. De plysje draacht dy wapens wol, mar de bûtengewoan opspoaringsamtners, de saneamde boa's, net. "Dat is jammer", seit boa Anne Schurer.

Schurer: "Laatst nog wilde een collega van mij een groep jongeren wegsturen bij een terras. Ze waren aan het blowen. Acht van de negen volgden dat verzoek op, maar eentje begon te slaan. Zo erg dat mijn collega naar het ziekenhuis moest. In dat soort situaties is een wapenstok erg bruikbaar, daarmee kun je zo'n jongen voor je eigen veiligheid op afstand houden."

Mar it giet net allinnich om jongeren en útgeansgeweld. Boa Romy de Vries hat wolris te krijen mei lilke automobilisten. "Als je iemand een bon geeft voor fout parkeren, en die is best wel hoog, loopt het soms uit de hand. Die wordt dan erg agressief. Met een wapen zou ik me dan veiliger voelen."

Boa's wolle wapens foar selsferdigening

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

In bûtengewoan opspoaringsamtner (boa) is in amtner dy't strafbere feiten opspoare mei. Boa's falle ûnder de ferantwurdlikheid fan de boargemaster. Se wurde faak ynset om op strjitte te surveillearjen. Se hawwe hânboeien en kinne fertochten oanhâlde. Ek meie se boetes jaan.

Yn Amsterdam sette de boa's moandei útein mei aksjes. Yn de haadstêd diele se gjin bonnen út. De fakbûnen wolle de aksjes útwreidzje nei oare stêden, mar Ljouwert docht foarearst net mei.

Crone sil kwestje oankaarte

Boargemaster Ferd Crone komt op foar de Ljouwerter boa's en stipet de easken om mear wapens. "Voor alle duidelijkheid: wapenstok en pepperspray zijn niet bedoeld om aan te vallen, maar om jezelf te beschermen. En dat is nodig. Het lijkt wel alsof de mensen de laatste jaren agressiever zijn geworden." Crone sil yn it lanlike boargemastersoerlis de kwestje oan de oarder stelle.

Boargemaster Ferd Crone is foar bewapene boa's

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Minister Ferdinand Grapperhaus wol foarearst de boa's net bewapenje. "Het geweldsmonopolie blijft bij de politie", skreau er yn desimber oan de Twadde Keamer.

Plysjewittenskipper Jaap Timmer is it mei de minister iens. "Ik begrijp de wens van de boa's niet. Ook bij de politie zijn wapens er niet voor agenten om zich te verdedigen. Ze voeren er hun politietaken mee uit, namelijk strafrechtelijke handhaving en handhaving van de openbare orde. Dat kan gepaard gaan met geweld. Maar bij het handhaven van plaatselijke verordeningen over hondenpoep en parkeren is geweld niet zo vanzelfsprekend", sei Timmer tsjin de NOS.

Trefwurden: 
plysje geweld wapens boa's
(advertinsje)
(advertinsje)