Man út Den Haach bedriget jongerein yn Dokkum mei jachtgewear

27 maaie 2019 - 06:22

De plysje yn Dokkum hat yn de nacht fan sneon op snein in 50-jierrige man út Den Haach oanhâlden, nei't de man oant twa kear ta in groep jongerein mei jachtgewearen bedrige hie. De man bedrige de groep út it neat mei in jachtgewear yn it sintrum fan de stêd. Ien fan de jongeren krige mei it wapen in klap tsjin de holle.

Arrestaasje - Foto: Shutterstock.com

De groep wist it gewear ôf te pakken en smiet it yn it wetter by de Aalsumerpoarte. De fertochte pakte dêrnei in twadde gewear út syn auto en bedrige de groep op 'e nij. Hy ried dêrnei fuort. De plysje koe de man op in carpoolplak lâns de Lauwersseewei oanhâlde.

De jongeren hawwe oanjefte dien. Dûkers ha it wapen dat yn it wetter smiten wie, sneintemoarn út it wetter helle. Beide wapens binne yn beslach naam. De fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Dokkum bedriging gewear
(advertinsje)
(advertinsje)