Europeeske ferkiezingen: PvdA populêrst yn 15 fan de 18 Fryske gemeenten

27 maaie 2019 - 07:00

De Partij van de Arbeid hat yn 15 fan de 18 Fryske gemeenten de measte stimmen krigen by de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint. Allinnich yn Noardeast-Fryslân (CDA), Dantumadiel (CU/SGP) en Achtkarspelen (CDA) is in oare partij it populêrst.

Foto: Omrop Fryslân

Nederlân - en dus Fryslân - stimde tongersdei al foar de Europeeske Parlemintsferkiezingen. De útslaggen kamen pas sneintejûn nei 23.00 oere, omdat de measte EU-lannen snein noch stimden. Snein 23.00 binne alle stimbussen tichtgien.

Achtkarspelen

Achtkarspelen is ien fan de trije Fryske gemeenten dêr't de PvdA net de measte stimmen krigen hat. It CDA stiet dêr op ien, foar de ChristenUnie/SGP. PvdA is tredde yn Achtkarspelen. De opkomst yn Achtkarspelen wie 36,3%, leger as yn alle oare Fryske gemeenten.

  1. CDA (21,5%)
  2. ChristenUnie/SGP (18,2%)
  3. PvdA (16,3%)
  4. Forum voor Democratie (14,6%)
  5. VVD (8,4%)
  6. PVV (4,6%)
  7. GroenLinks (4,6%)
  8. SP (3,4%)
  9. 50PLUS (2,6%)
  10. D66 (2,3%)
  11. Partij voor de Dieren (1,9%)
  12. Alle oare partijen minder as 1%

It Amelân

Op It Amelân hat de Partij voor de Arbeid 24,0% fan de stimmen krigen. It CDA wie fiif jier lyn it populêrst en is no de twadde partij op it eilân. De VVD makket de top trije kompleet. De opkomst op It Amelân wie 54,8%.

  1. PvdA (24,0%)
  2. CDA (19,8%)
  3. VVD (16,6%)
  4. Forum voor Democratie (11,4%)
  5. GroenLinks (6,5%)
  6. 50PLUS (4,3%)
  7. D66 (3,9%)
  8. PVV (3,1%)
  9. ChristenUnie/SGP (3,1%)
  10. Partij voor de Dieren (3,1%)
  11. SP (3,0%)
  12. Alle oare partijen minder as 1%

Dantumadiel

Dantumadiel is de iennige gemeente dêr't net de PvdA of it CDA de measte stimmen krigen hat. Dêr wie ChristenUnie/SGP it populêrst. Dêrnei komme wol it CDA en de PvdA. De opkomst yn Dantumadiel wie 38,7%.

  1. ChristenUnie/SGP (23,7%)
  2. CDA (20,0%)
  3. PvdA (14,1%)
  4. Forum voor Democratie (13,8%)
  5. VVD (8,7%)
  6. GroenLinks (4,6%)
  7. SP (3,8%)
  8. PVV (3,6%)
  9. D66 (2,6%)
  10. Partij voor de Dieren (1,9%)
  11. 50PLUS (1,8%)
  12. Alle oare partijen minder as 1%

Eaststellingwerf

Yn Eaststellingwerf wie de Partij van de Arbeid de populêrste partij, mei in lytse foarsprong op de VVD. Op in gruttere ôfstân is it CDA de tredde partij yn de gemeente. De opkomst yn Eaststellingwerf wie 42,7%.

  1. PvdA (21,2%)
  2. VVD (19,2%)
  3. CDA (13,4%)
  4. Forum voor Democratie (11,6%)
  5. GroenLinks (7,1%)
  6. ChristenUnie/SGP (5,8%)
  7. Partij voor de Dieren (4,8%)
  8. SP (4,2%)
  9. D66 (3,8%)
  10. PVV (3,8%)
  11. 50PLUS (3,3%)
  12. Alle oare partijen minder as 1%

Flylân

Op Flylân hat de Partij voor de Arbeid 23,3% fan de stimmen krigen, sawat in ferdûbeling. Twadde partij is de VVD en GroenLinks makket in sprong nei it tredde plak. De opkomst op Flylân wie 60,2%.

  1. PvdA (23,3%)
  2. VVD (20,0%)
  3. GroenLinks (13,5%)
  4. D66 (10,4%)
  5. Forum voor Democratie (8,7%)
  6. CDA (6,2%)
  7. Partij voor de Dieren (4,9%)
  8. 50PLUS (4,0%)
  9. PVV (2,4%)
  10. SP (2,2%)
  11. Volt (2,2%)
  12. ChristenUnie/SGP (1,5%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

De Fryske Marren

De Partij van de Arbeid hat yn De Fryske Marren de measte stimmen krigen, mei in lytse foarsprong op it CDA en de VVD. De opkomst yn De Fryske Marren wie 43,5%.

  1. PvdA (19,8%)
  2. CDA (18,9%)
  3. VVD (18,7%)
  4. Forum voor Democratie (11,3%)
  5. GroenLinks (6,6%)
  6. ChristenUnie/SGP (6,0%)
  7. D66 (4,6%)
  8. SP (3,2%)
  9. Partij voor de Dieren (3,1%)
  10. PVV (3,1%)
  11. 50PLUS (2,9%)
  12. Volt (1,1%)
  13. Oare partijen allegear minder as 1%

Harns

Yn Harns hat de Partij voor de Arbeid hat in kwart fan de stimmen krigen. Dêrnei komt Forum voor Democratie en de VVD is dêr de tredde partij. De opkomst yn Harns wie 40,5%.

  1. PvdA (24,4%)
  2. Forum voor Democratie (14,0%)
  3. VVD (13,6%)
  4. CDA (12,7%)
  5. GroenLinks (7,6%)
  6. ChristenUnie/SGP (5,3%)
  7. Partij voor de Dieren (4,6%)
  8. SP (4,5%)
  9. 50PLUS (3,8%)
  10. D66 (3,7%)
  11. PVV (3,7%)
  12. Volt (1,5%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Hearrenfean

Yn de gemeente Hearrenfean giene mear as in kwart fan de stimmen nei de Partij van de Arbeid. De VVD krige dêrnei de measte stimmen, foar it CDA. De opkomst yn de gemeente Hearrenfean wie 42,2%.

  1. PvdA (26,8%)
  2. VVD (16,8%)
  3. CDA (11,2%)
  4. Forum voor Democratie (9,5%)
  5. GroenLinks (8,5%)
  6. D66 (5,7%)
  7. ChristenUnie/SGP (5,2%)
  8. SP (4,2%)
  9. Partij voor de Dieren (3,9%)
  10. PVV (2,9%)
  11. 50PLUS (2,6%)
  12. Volt (1,3%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Ljouwert

Yn de gemeente Ljouwert hat de Partij van de Arbeid mear as in kwart fan de stimmen krigen. GroenLinks wie de twadde partij, VVD de tredde. De opkomst yn Ljouwert wie 41,2%.

  1. PvdA (26,5%)
  2. GroenLinks (12,2%)
  3. VVD (12,0%)
  4. Forum voor Democratie (10,2%)
  5. CDA (10,1%)
  6. D66 (6,1%)
  7. ChristenUnie/SGP (5,0%)
  8. Partij voor de Dieren (5,0%)
  9. SP (4,3%)
  10. PVV (3,0%)
  11. 50PLUS (2,9%)
  12. Volt (1,6%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Noardeast-Fryslân

Noardeast-Fryslân is mei Achtkarspelen de iennige partij dêr't it CDA it populêrst is. Dêrnei komt ChristenUnie/SGP. De PvdA, de grutte winner fan de ferkiezingen, is de tredde partij. De opkomst yn Noardeast-Fryslân wie 38,5%.

  1. CDA (22,7%)
  2. ChristenUnie/SGP (16,8%)
  3. PvdA (15,6%)
  4. VVD (12,1%)
  5. Forum voor Democratie (10,7%)
  6. GroenLinks (5,5%)
  7. PVV (3,4%)
  8. SP (3,3%)
  9. Partij voor de Dieren (3,0%)
  10. D66 (2,8%)
  11. 50PLUS (2,4%)
  12. Alle oare partijen minder as 1%

Opsterlân

Yn Opsterlân giene de measte stimmen nei de Partij van de Arbeid. Dêrnei kaam de VVD en as tredde it CDA, dat fiif jier lyn de grutste wie. De opkomst yn de gemeente Opsterlân wie 42,7%.

  1. PvdA (22,6%)
  2. VVD (15,6%)
  3. CDA (13,3%)
  4. ChristenUnie/SGP (11,3%)
  5. GroenLinks (8,4%)
  6. Forum voor Democratie (8,2%)
  7. D66 (5,9%)
  8. SP (4,1%)
  9. Partij voor de Dieren (3,4%)
  10. PVV (3,0%)
  11. 50PLUS (2,6%)
  12. Alle oare partijen minder as 1%

Skiermûntseach

Op Skiermûntseach is de Partij voor de Arbeid it populêrst fan alle partijen mei mear as in kwart fan de stimmen. Dêrnei komme GroenLinks en de VVD. De opkomst op Skiermûntseach wie 80,4%.

  1. PvdA (25,3%)
  2. GroenLinks (15,9%)
  3. VVD (11,6%)
  4. CDA (8,9%)
  5. Forum voor Democratie (7,0%)
  6. D66 (6,8%)
  7. Partij voor de Dieren (6,7%)
  8. ChristenUnie/SGP (6,4%)
  9. 50PLUS (4,0%)
  10. SP (3,0%)
  11. PVV (1,7%)
  12. Volt (1,4%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Skylge

De Partij van de Arbeid is ek op Skylge de grutste partij. Yn gjin inkelde oare Fryske gemeente krige de PvdA prosintueel mear stimmen. Dêrnei komme de VVD en it CDA. De opkomst is 60,80%.

  1. PvdA (27,4%)
  2. VVD (17,4%)
  3. CDA (11,8%)
  4. GroenLinks (11,1%)
  5. Forum voor Democratie (10,4%)
  6. Partij voor de Dieren (4,5%)
  7. D66 (4,1%)
  8. 50PLUS (3,5%)
  9. SP (3%)
  10. ChristenUnie/SGP (2,5%)
  11. PVV (2,3%)
  12. Alle oare partijen minder as 1%

Smellingerlân

De Partij van de Arbeid hat yn Smellingerlân de measte stimmen krigen. Dêrnei komme it CDA en ChristenUnie/SGP. De opkomst yn Smellingerlân wie 42,32%.

  1. PvdA (22,3%)
  2. CDA (14,4%)
  3. ChristenUnie/SGP (14,2%)
  4. VVD (11,2%)
  5. Forum voor Democratie (9,9%)
  6. GroenLinks (7,40%)
  7. SP (4,9%)
  8. D66 (4,3%)
  9. PVV (3,5%)
  10. Partij voor de Dieren (3,1%)
  11. 50PLUS (2,9%)
  12. Volt (1,0%)
  13. Oare partijen allegear minder as 1%

Súdwest-Fryslân

Yn Súdwest-Fryslân giene de measte stimmen nei de Partij van de Arbeid. It CDA en VVD folgje op net al te grutte ôfstân. De opkomst yn Súdwest-Fryslân wie 43,1%.

  1. PvdA (21,6%)
  2. CDA (18,3%)
  3. VVD (17,1%)
  4. Forum voor Democratie (10,8%)
  5. GroenLinks (7,4%)
  6. ChristenUnie/SGP (6,2%)
  7. D66 (4,8%)
  8. SP (3,2%)
  9. PVV (3,1%)
  10. Partij voor de Dieren (3,1%)
  11. 50PLUS (2,6%)
  12. Volt (1,0%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Tytsjerksteradiel

Yn de gemeente Tytsjerksteradiel hat de Partij van de Arbeid de measte stimmen krigen, mei in lytse foarsprong op it CDA. Op gruttere ôfstân is de VVD de tredde partij yn Tytsjerksteradiel by de Europeeske ferkiezingen. De opkomst yn Tytsjerksteradiel wie 44,7%.

  1. PvdA (20,8%)
  2. CDA (20,3%)
  3. VVD (12,2%)
  4. ChristenUnie/SGP (11,1%)
  5. Forum voor Democratie (10,1%)
  6. GroenLinks (7,3%)
  7. D66 (4,1%)
  8. SP (3,5%)
  9. PVV (3,1%)
  10. Partij voor de Dieren (2,9%)
  11. 50PLUS (2,7%)
  12. Volt (1,0%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Waadhoeke

Yn Waadhoeke wie de Partij voor de Arbeid it populêrst, mei sa'n fjouwer prosintpunt oan stimmen mear as it CDA. Tredde partij is de VVD. De opkomst yn Waadhoeke wie 41,1%.

  1. PvdA (22,6%)
  2. CDA (18,5%)
  3. VVD (15,6%)
  4. Forum voor Democratie (10,4%)
  5. GroenLinks (6,9%)
  6. ChristenUnie/SGP (6,8%)
  7. SP (4,4%)
  8. D66 (3,9%)
  9. Partij voor de Dieren (3,2%)
  10. PVV (3,2%)
  11. 50PLUS (2,9%)
  12. Volt (1,1%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Weststellingwerf

Yn Weststellingwerf hat de Partij van de Arbeid 22,7% fan de stimmen krigen. Dêrnei komt de VVD en op it tredde plak it CDA, dat fiif jier lyn de measte stimmen krige. De opkomst yn Weststellingwerf wie 41,2%.

  1. PvdA (22,7%)
  2. VVD (18,1%)
  3. CDA (14,8%)
  4. Forum voor Democratie (12,7%)
  5. GroenLinks (6,8%)
  6. SP (4,4%)
  7. PVV (4,3%)
  8. Partij voor de Dieren (4,1%)
  9. 50PLUS (3,5%)
  10. ChristenUnie/SGP (3,4%)
  11. D66 (3,2%)
  12. Volt (1,1%)
  13. Alle oare partijen minder as 1%

Yn hiel Nederlân hat de Partij van de Arbeid de measte stimmen krigen. Op basis fan de foarriedige útslaggen (98,2% teld) krijt de PvdA seis sitten yn it nije Europeeske Parlemint. Dêrnei komme CDA en VVD (elk fjouwer), Forum voor Democratie en GroenLinks (elk trije), D66 en ChristenUnie/SGP (elk twa), 50PLUS en Partij voor de Dieren (elk ien). De PVV en SP komme neffens de foarriedige útslach net yn it nije Europeesk Parlemint.

It Europeesk Parlemint bestiet út 751 sitten. Nederlân leveret dêr 26 fan. Op it stuit dat it Feriene Keninkryk út de Europeeske Uny stapt mei Nederlân trije ekstra europarlemintariërs leverje. Dy sitten geane dan nei de VVD, nei GrienLinks en nei de PVV.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de ferkiezingsútslach

(advertinsje)
(advertinsje)