'Ryk jout 40 miljoen ekstra foar ferbreedzjen slûzen Ofslútdyk'

26 maaie 2019 - 19:26

It kabinet komt mei nochris 40 miljoen euro foar it ferbreedzjen fan de slûzen yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Dat melde it AD en de Ljouwerter Krante op basis fan boarnen yn Den Haag. "De ChristenUnie en wy ha der efter de skermen hurd oan wurke om it foar inoar te krijen", seit CDA-Keamerlid Harry van der Molen.

De slûs by Koarnwertersân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De totale kosten foar de slûsferbreding binne nei skatting 205 miljoen euro. Der wie noch in gat yn de begrutting fan sa'n 80 miljoen euro. Mei dizze ekstra bydrage fan it Ryk is dat no troch de helte. "We binne der noch net", seit Van der Molen, "want it is noch net hielendal rûn. Der leit noch in gat, mar eltse stap is meinaam. It is moai dat der trochpakt wurdt, want dit spilet al sa lang."

Foarjiersnota

De plannen foar de 40 miljoen soene stean yn de Foarjiersnota, dy't yn de rin fan kommende wike nei bûten komt. De bydrage komt boppe-op de 30 miljoen dyt it Ryk al reservearre hie.

Earder besocht Nederlân om jild fan de Europeeske Uny te krijen foar de plannen. Dat slagge net. "It finen fan Europeeske subsydzjes is dreech", seit Van der Molen. "Mar efter de skermen wurdt in protte dien."

Slûs, brêgen en fargeul

As de begrutting fan 205 miljoen rûn komt en de plannen troch gean, dan komt der in bredere slûs, wurde de brêgen yn de Ofslútdyk oanpast en wurdt de fargeul nei Urk en Lelystêd útdjippe. Dat soe 3.000 banen opsmite.

Trefwurden: 
Iselmar Koarnwertersân slûs
(advertinsje)
(advertinsje)