Gaos op de dyk nei ûngelok mei trije auto's yn Ljouwert

26 maaie 2019 - 19:35

By in ûngelok mei trije auto's op it Zuidvliet yn Ljouwert is in frou ferwûne rekke. De auto's binne bot skansearre. It ûngelok hat foar in ravaazje op 'e dyk soarge.

Foto: Kappers Media

In buske kaam hurd yn oanriding mei in persoane-auto. Ien auto is troch de oanriding op it fytspaad bedarre. Wat de oarsaak fan it ûngelok wie, is noch net dúdlik.

De ferwûne frou is nei it sikehûs brocht. De dyk is yn beide rjochtingen ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)