FNP'ers ha by Europeeske ferkiezingen op Friezen stimd

26 maaie 2019 - 19:19

FNP'ers ha ôfrûne tongersdei by de Europeeske ferkiezingen op in Fries stimd. Dat fertelde Jan Willem Tuininga fan de partij snein yn it nijsfoarum fan Buro de Vries.

Foto: Omrop Fryslan

It makket dêrby net út op hokker Fries. "Der wiene acht minsken út Fryslân dy't op de ferskate listen stiene", fertelt Tuininga. "We jouwe gjin stimadvys. We ha yn de FNP minsken út alle lagen. Dy kinne har eigen kar meitsje."

Op in Fries stimme is wichtich om safolle mooglik Friezen yn Brussel te krijen, neffens de FNP. "Dêrmei krije we dêr dochs wat te sizzen."

FNP stimt op in Fries

Yn Nederlân liket de Partij van de Arbeid de winner te wurden fan de ferkiezingen. Dy partij kaam tongersdei as bêste út de exit-polls. Neffens PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg komt dat troch twa dingen. Sa hat neffens him it Frans Timmermans-effekt grif meispile. Foar in soad Nederlanners is it, sa tinkt Stalenburg, fan belang dat in Nederlanner op in hege posysje yn Europa komt.

Fierder neamde hy de positive flow dy't der op dit stuit yn de PvdA sit. Polityk lieder Lodewijk Asscher hat dêr in wichtige rol yn, tinkt Stalenburg.

De echte útslaggen wurde sneintejûn let pas bekend makke, omdat in protte oare Europeeske lannen snein noch stimme.

Gaos yn Grut-Brittannië

Tuininga, Stalenburg en Aukje de Vries (VVD) praten yn it nijsfoarum fan Buro de Vries ek oer de situaasje yn Grut-Brittannië. Se ha gjin idee hoe't it dêr fierder moat. "In nije politike lieder kin dizze gaos ek net oplosse", seit De Vries.

Tuininga tinkt dat de Britten der ferstannich oan dogge in nij referindum út te skriuwen. De oare foarumleden tinke net dat dat wat úthelje sil. "Dit sit djipper as in simpel ja of nee. Dit is in kleau tusken âld en jong én ien tusken de stêd en it plattelân. It is hiel yngewikkeld."

Yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân diskusjearje alle wiken trije opinymakkers oer it nijs fan de ôfrûne wike. De gearstalling fan it nijsfoarum is alle wiken oars. Dizze kear waard it foarum foarme troch Jaap Stalenburg (PvdA), Aukje de Vries (VVD) en Jan Willem Tuininga (FNP).

(advertinsje)
(advertinsje)