Nea hat De Fûgelhelling mear opfongen as yn 2018

26 maaie 2019 - 18:51

It fûgelasyl De Fûgelhelling yn Oerterp hat yn 2018 mear wylde fûgels en sûchdieren opfongen as ea. Yn totaal waarden ferline jier 10.611 bisten binnen brocht, dat wiene 3.057 mear as yn 2017. Under dy goed tsientûzen sitte 1229 swarte lysters en 689 stikelbargen.

In Kwekfink, 10.000ste bist by De Fûgelhelling yn 2018 - Foto: De Fûgelhelling

De groei kaam foar in grut part troch útwreiding fan it fersoarchgebiet.

By De Fûgelhelling wurde ek allegear 'thúsdieren' brocht: 330 postdowen, mar ek piken en hoannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)