FIDEO: Hockeyklup Ljouwert wis fan promoasje, mar kampioenskip net mear yn eigen hân

De Mixed Hockey Club Leeuwarden hat snein de lêste wedstriid fan it seizoen wûn. Op it eigen sportpark Kealledykje wûnen se mei 10-5 (rêststân 6-1) fan Hondsrug út Zuidlaren. Dêrmei is MHCL wis fan promoasje nei de Twadde Klasse en kinne se ek noch kampioen wurde.
Repo Hockey
It kampioenskip is noch net binnen. De konkurrint Westerduiven út Duiven spile mei 2-2 lyk tsjin Hockeyklup Flevoland yn Dronten. Mar sy ha noch ien wedstriid te spyljen, wylst MHCL útspile is. MHCL hat ien punt mear. Westerduiven spilet noch thús tsjin de nûmer fjouwer, Zutphen.
Coach Wouter Willems
MHCL is de ploech dy't it heechst spilet yn Fryslân by de manlju. By de froulju binne dat de froulju fan Quick Stick op It Hearrenfean. Sy spylje yn de Earste Klasse. Boppe de Earste Klasse is noch de oergongsklase, de promoasjeklasse en de haadklasse.
© Omrop Fryslân
Der komt dit seizoen noch ien Wedstriid fan de Wike. Dêrnei giet Omrop Fryslân de simmerperioade yn.
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.