Trochelkoarlotsjenpartij Menaam proai foar Bergsma, Drent en Kootstra

26 maaie 2019 - 18:05

De trochelkoarlotsjenpartij yn Menaam is wûn troch Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Yn in spannende finale wiene se mei 5-5 6-0 te sterk foar Enno Kingma, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Bergsma waard útroppen ta kening. De lytse preemje wie foar Menno van Zwieten, Gabe Jan van Popta en Thomas van Zuiden.

De earste fjouwer earsten yn de finale giene noch lykop. Dêrnei pakten Bergsma en dy in gatsje: 4-2. Even letter wie it 5-3, mar Kingma en dy kamen werom ta 5-5.

Op skjinne seis yn it lêste earst sloech Steenstra de bal kwea. Dêr wie syn partoer it net mei iens, mar it beslút bleau stean en dêrmei gie de winst nei Bergsma en dy.

Foto: Henk Bootsma

Bergsma en dy hiene yn de earste omloop mei 5-2 6-2 wûn fan Gert-Anne van der Bos, Sip-Jaap Bos en Hans Wassenaar. Dêrmei wiene se wis fan de heale finale, fanwegen in steand nûmer yn de twadde omloop. Yn dy heale finale wiene Menno van Zwieten, Gabe Jan van Popta en Thomas van Zuiden de tsjinstanners. Yn in wedstriid mei mear as 25 opslachmissers wûn it trio Bergsma mei 5-4 6-0.

It oare partoer yn de finale wûn yn de earste omloop mei 5-3 fan Remmelt Bouma, Pieter Jan Plat en Laas Pieter van Straten. Yn de twadde omloop wiene Kingma, Triemstra en Steenstra mei 5-1 6-4 te sterk foar Bauke Triemstra, Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong. Yn de heale finale hiene Kingma en dy in steand nûmer.

Ferline jier stiene Steenstra en Triemstra ek al yn de finale, doe't Menaam noch in frijeformaasjepartij wie. Mei Johan van der Meulen, dy't doe Gert-Anne van der Bos ferfong, pakten se doe wol de winst.

(advertinsje)
(advertinsje)