Follybalmanlju winne mei debutearjende Snitser yn de basis

It Nederlânsk manljusfollybalteam, mei Snitser Gijs van Solkema yn de basis, hat sneon yn de earste wedstriid fan de Golden European League mei 3-2 wûn fan Kroäsië. It wie de alderearste kear dat Gijs van Solkema selektearre wie foar it nasjonale team.
Gijs van Solkema © Omrop Fryslân
Van Solkema wie derfan útgien dat er op de reservebank plak nimme soe. Dat er daliks starte mocht, wie in opstekker.

Spannende wedstriid

Nederlân wûn de earste set (25-20), mar kaam yn de twadde set fan it begjin ôf op efterstân. Van Solkema wie ien fan de fjouwer spilers dy't nei de kant helle waard. De wiksels holpen net: de twadde set gie nei Kroäsië (17-25).
Yn de tredde set stie Van Solkema wer yn it fjild. Nei in hiel spannende slotfaze gie dy set nei Nederlân (26-24), wêrnei't de fjirde set wer foar Kroäsië wie (20-25). Yn de beslissende fyfde set waard dúdlik dat Nederlân de sterkste wie (15-10).
Van Solkema waard sa no en dan om taktyske redenen wiksele. Hy kaam dan nei in pear punten werom yn it fjild.

No tsjin Spanje?

De folgjende wedstriid yn de Golden European League is op 9 juny tsjin Spanje. It is noch net dúdlik oft de Snitser dan wer by de seleksje sit.