Trainer Dennis van der Ree fuort by Cambuurbeloften

26 maaie 2019 - 17:22

Dennis van der Ree ferlit Sportklup Cambuur. De trainer fan de belofteploech giet nei FC Twente ta. Hy komt yn de technyske stêf fan de nije earedifyzjonist.

Foto: www.orange-pictures.nl

Twente betellet Cambuur foar Van der Ree, mar de klups meitsje net bekend hoefolle presys.

Van der Ree hat fan 2007 oant 2011 spile foar Cambuur en sûnt 2015 is er haadtrainer fan Jong SC Cambuur. Ferline jier pakte syn ploech de beker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)