Fytser rekket slim ferwûne op It Amelân

26 maaie 2019 - 17:00

In âldere fytser is sneintemiddei op It Amelân slim ferwûne rekke nei in ûngelok yn de dunen. De man foel mei de fyts op it fytspaad tusken Nes en Beuren.

Foto: Oncko Quirijn van Kammen

Omstanners ferlienden earste help en bellen 112. De plysje, ambulânse en traumahelikopter kamen teplak. De man hat holleletsel oprûn. Hy is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins ta brocht.

(advertinsje)