Partoer fan Nynke Sybrandy wint haadklassekeatsen yn Berltsum

26 maaie 2019 - 16:30

It partoer fan Nynke Sybrandy, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra hat it haadklassekeatsen yn Berltsum wûn. Yn de finale wie it trio mei grutte sifers te sterk foar Anna Brecht Bruinsma, Jeska Terpstra en Martzen Deinum: 5-0 6-4.

Foto: ANP

Sybrandy en dy hiene it benammen yn de heale finale tsjin Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra dreech. Dat sterke partoer pakte in foarsprong fan 5-2. Dochs kamen Sybrandy en dy werom en it lêste earst wûnen se mei 6-2. It partoer fan Tuininga pakte wol de tredde priis.

Yn de earste omloop wie it trio Sybrandy mei 5-2 6-2 te sterk foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.

(advertinsje)
(advertinsje)