Wurk oan N361: dyk tusken Aldtsjerk en Oentsjerk moanne ôfsletten

26 maaie 2019 - 16:00

De provinsjale dyk N361 tusken Aldtsjerk en Oentsjerk is fan moandei 27 maaie ôf in moanne ôfsletten fanwgeen wurksumheden.

Foto: Google Street View

It giet om it stik fan de rotonde Rhaladyk ôf oant de Rengerswei. Auto's kinne der net del en wurde omlaat oer de Noarder-Omwei (N355) en de Sintrale As (N361) fia Hurdegaryp en Dokkum.

Oentsjerk bliuwt berikber fia de rotonde Rhaladyk en de Rengerswei. It iepenbier ferfier rydt de normale rûte troch Aldtsjerk.

It wurk moat 29 juny klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)