Jaap Stalenburg: "Eurovisie Songfestival kan ook wel in Thialf"

Jan Willem Tuininga (FNP), Jaap Stalenburg (PvdA) en Aukje de Vries (VVD) binne it deroer iens dat it moai wêze soe as it Eurovisie Songfestival nei Fryslân komt. Dat seinen se snein yn it nijsfoarum fan Buro de Vries, dêr't se oer aktuele saken praten.
It nijsfoarum mei Jan Willem Tuininga, Aukje de Vries en Jaap Stalenburg © Omrop Fryslân
Tuininga makke wol it foarbehâld dat der in 'gedegen' finansjeel plan ûnder lizze moat om foar te kommen dat de boarger der fia de belesting oan meibetellet. Dêr wienen De Vries en Stalenburg net sa benaud foar. Sy wiene foaral hiel posityf oer de ambysje dy't Fryslân hat.
De foarumleden oer de plannen om it Songfestival nei Fryslân te heljen
Dat it WTC neffens saakkundigen net heech genôch is, is net sa'n probleem tinkt Jaap Stalenburg. It is neffens him goed mooglik dat der in tydlik gebou delset wurdt en boppedat is Thialf der ek noch.
'Songfestival kin ek wol yn Thialf'
Dat de aginda fan Thialf faak frij fol sit, moat ek gjin probleem wêze. "Dan pas je dat aan, dan schuif je daarmee", seit Stalenburg. "Je mag ambitie tonen in deze provincie, dat is ontstaan na Culturele Hoofdstad. Ik vind het mooi om te zien hoe zo'n provincie zich ontwikkelt."

'Reinbôgeprovinsje duorret net lang mear'

Doe't se oer it Songfestival praten, kaam ek nei foaren dat Fryslân gjin reinbôgeprovinsje is, wylst it festival krekt altyd in hiel soad minsken út de LHBTI-mienskip lûkt. Neffens Jan Willem Tuininga duorret it net sa lang mear foar't ek Fryslân in reinbôgeprovinsje is. Syn partijgenoat yn de Steaten, Corlienke de Jong, is dêr drok mei dwaande, sei er.
It foarum oer Fryslân as reinbôgeprovinsje
Yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân diskusjearje alle wiken trije opinymakkers oer it nijs fan de ôfrûne wike. De gearstalling fan it nijsfoarum is alle wiken oars. Dizze kear waard it foarum foarme troch Jaap Stalenburg (PvdA), Aukje de Vries (VVD) en Jan Willem Tuininga (FNP).