Trije deade dassen yn twa dagen yn de Stellingwerven

26 maaie 2019 - 14:07

Dierenambulance De Wouden út Drachten meldt trije deade dassen yn twa dagen.

Foto: Shutterstock

By Easterwâlde is freed in ferwûne bist ophelle en nei de Fûgelhelling yn Oerterp brocht. Dêr is it bist deagien oan de ferwûningen.

Tusken Boyl en Elslo lei sneon in ferwûne das op de Boijlerweg. It bist wie oanriden. Ek dit bist hat it net helle.

De diere-ambulânse ropt op om oanriden dassen en reeën te melden, sadat sjoen wurde kin oft der ek jongen binne.

Sneontenacht is in tredde das oantroffen. It deade bist lei op de Drentse weg yn Appelskea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)