Maleur hâldt mountainbikester Anne Tauber fan histoaryske oerwinning ôf

Lang lei mountainbikester Anne Tauber (24 jier) út Oranjewâld yn Tsjechië op koers om skiednis te skriuwen troch as earste Nederlânske in wrâldbekerwedstriid te winnen. Troch in lekke bân yn de lêste ronde slagge dat net.
© www.orange-pictues.nl
Tauber wie de sterkste en gie lang oan kop. Se hie foar de lêste ronde sels alve tellen foarsprong op nûmer twa, de regearjend wrâldkampioene Kate Courtney.
De Friezinne krige in lekke bân en sa koe Courtney har foarby en de rit winne. Tauber waard úteinlik tsiende.
Ferline wike slagge it Anne Tauber de nominaasje te pakken foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Tokio.