Famylje Van der Pol hellet mei Alvestêdedraaftocht goed 16.000 euro op

26 maaie 2019 - 13:09

Soannen, dochters, neven, nichten en oanhing fan famylje Van der Pol út Wâldsein ha in Alvestêdetocht-estafette draafd om jild yn te sammeljen foar KWF Kankerbestrijding. Alle fiif leden út ien húshâlding ha mei de sykte te krijen of te krijen hân. Der is al mear as 16.000 euro ophelle.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Se begûnen freed en sneontemiddei, om healwei fjouweren hinne, kaam de famylje oer de finish fan de estafette yn Wâldsein. Neffens Willem van der Pol in hiel bysûnder momint: "It lêste stikje ha we mei de bern en bernsbern rûn. Sa binne wy nei ús heit en mem gien. Dat wie hiel moai."

De hurddravers waarden by de finish troch in soad publyk opwachte. Van der Pol: "Wy ha mei syn allen noch efkes in bakje kofje en in bierke hân."

Foto: Famylje Van der Pol

De dielnimmers ha ferskillende ôfstannen rûn tusken de 5 en 21 kilometer. Nei de aksje is dus al mear as 16.000 euro ophelle. "Mar der komt noch hieltyd jild binnen. "De aksje-side is noch in wike iepen, dêrnei kinne we de balâns opmeitsje."

(advertinsje)
(advertinsje)