Ofskied fan in bysûndere keunstner: Zoltin Peeter

26 maaie 2019 - 12:41

Keunstner Zoltin Peeter ferstoar ferline wike. Ferslachjouwer Karen Bies hie flak foar syn dea noch in petear mei him oer syn libben en wurk.

Zoltin Peeter yn Yslân - Foto: Petra Moerman

Yn jannewaris fan dit jier krige Zoltin Peeter it berjocht dat er ûngenêslik siik wie. Hy woe it medyske trajekt fan behannelingen net trochmeitsje en keas derfoar op in selskeazen momint út it libben te stappen.

Zoltin Peeter

Wurk Zoltin Peeter by him thús. Foto: Karen Bies - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Zoltin Peeter waard berne as Peter Zwier yn 1942 yn Amsterdam. Syn heit wie keunstskilder Dick Zwier, mar omdat Peter net bekend wurde woe as 'de soan fan' betocht hy in eigen namme.

Yn de jierren 70 kaam hy nei Fryslân, doe't er in plak socht mei romte en stilte. De earste tsien jier hat er yn Eastrum wenne, dêrnei ferhuze er nei Hallum, dêr't er 33 jier wenne hat.

Yn 2010 krige hy de Gerrit Bennerpriis, de belangrykste priis foar byldzjende keunst yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)