Frou ferwûne by ûngelok yn Eastermar

26 maaie 2019 - 10:53

By in ûngelok oan de Torenlaan yn Eastermar is sneintemoarn in frou ferwûne rekke. De bestjoerder stie stil om ôf te slaan rjochting tsjerke. In achteropkommende auto seach dat te let en botste op de auto. Dêrby knalde de foarste auto tsjin de beam. De byrydster rekke dêrby ferwûne. De koster fan de tsjerke hat earste help ferliend.

Foto: Sicco Riedstra

It slachtoffer is troch it ambulânsepersoniel út de auto helle en behannele. Se is oerbrocht nei it sikehûs.

Troch de botsing wie de Torenlaan in tiid ôfsletten foar it ferkear. Beide auto's binne troch in berger fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok Eastermar Torenlaan
(Advertinsje)
(Advertinsje)