Fries Straatfestival: slagge edysje mei soad publyk

26 maaie 2019 - 10:47

It Fries Straatfestival yn Ljouwert wie slagge mei in soad publyk yn de binnenstêd en by de ferskate muzykpoadia. Der wienen gjin ûngeregeldheden.

Op it Wilhelminaplein wie it sneon drok by de programmearring fan Kunstkade en Circus Saranti. Publyk reagearre entûsjast op de ferskate acts lykas by it Spaanske Cia Moveo. Dêr krigen se it heale publyk oan de ein fan har foarstelling safier om mei de earen op de grûn te lizzen om te lústerjen.

Freed begûn it festival al mei nije ekspedysjes mei optredens fan teäterstudinten fan D'Drive, singer-songwriter YVI, de Kunstmachine fan Jan Herman de Boer en Troubamour.

Van der Eems Publykspriis

Strjitteäterduo Mobil & Casier hat sneon de Van der Eems Publykspriis wûn. Flaming Karel Casier en syn Nederlânske partner Aat Dirks besykje yn har act mei kraanwein de natuer yn in keunstwurk te fetsjen. Se bringe pynlike slapstick en fysike comedy sûnder wurden. It duo, dat bliid wie mei de priis en de wurdearring fan it publyk, komt takom jier wer nei it festival. Dan fiert it festival it 40-jierrige jubileum.

Publyk koe stimme op de priis, der wienen fiif nominearren: Electric Circus, 155, Mobil & Casier, Fullstop Acrobatics Theatre en Vloeistof. Alle acts krigen hege wurdearringen en einigen mei goed 4 stjerren gemiddeld.

(advertinsje)
(advertinsje)