Wer fernielingen by begraafplak yn Achtkarspelen

26 maaie 2019 - 10:13

Op it begraafplak fan Twizelerheide is it tagongsstek fernield. In groep minsken wie dwaande om it stek op te knappen. Doe't se dêr sneon fierder mei woenen, seagen se dat der seis latten ôfbrutsen wienen.

Foto: www.begraafplaatstwijzelerheide.nl

De skea wurdt meld op de webside fan it begraafplak. Se fine it net te leauwen dat soks bart, sa skriuwe se. Der is oanjefte dien en de plysje hat in stik hout meinaam foar mooglike fingerprinten.

As minsken wat heard of sjoen ha, kinne se dat melde op de webside fan it begraafplak.

In wike lyn wie der ek sprake fan fandalisme by in begraafplak yn de gemeente Achtkarspelen. Doe wienen yn Surhuzum by guon grêven blomstikken stellen en beskeadige.

(advertinsje)
(advertinsje)