Hearrenfean nimt 47 boargerfoarstellen oan foar in oantrekliker sintrum

Mear bankjes, fytsestallingen wettertaappunten of mear grien, kultuer? Op It Hearrenfean wie sneon de presintaasje fan konkrete plannen foar it sintrum fan it plak. It wie de slotbyienkomst fan de saneamde G1000Heerenveen. Ideeën dêrfoar wienen op in boargertop nei foaren brocht en yn de ôfrûne moannen útwurke troch tsien wurkgroepen.
© Gemeente Hearrenfean
De foarstellen rinne fan lyts en konkreet lykas mear bankjes, fytsestallingen wettertaappunten, oant gruttere en djoerdere plannen út elkoar. Sa soe der mear grien komme moatte en mear moetingsplakken. Ek soe der mear romte foar kultuer kome moatte mei in kultuerpark, kultuerhûs, kultuerburo en kultuerrûte.
In djoerder plan is om twa histoaryske brêgen, Hoofdbrug en Garstenbrug, werom komme te litten. Earder binne dy brêgen ferfongen troch in daam mei it idee dat it sintrum better berikber waard foar alle ferkear. It sintrum is dêrtroch ôfsletten foar boaten. En mear boaten jout mear drokte en sfear oan it sintrum.
In oar plan is om Fryske merkhal te bouwen as ferbining tusken it Gemeenteplein en it Ernst van Harenplein. De hal soe brûkt wurde kinne foar merken, tentoanstellingen en eveneminten.
© Gemeente Hearrenfean
De foarstellen binne sneon presintearre oan in spesjaal ynstelde boargerried ûnder lieding fan boargemaster Tjeerd van der Zwan. Dy ried fan ynwenners fan de gemeente beoardiele de plannen en makke in kar watfoar foarstellen útfierd wurde. Uteinlik binne 47 fan de 51 foarstellen oernaam troch de ried.
De foarstellen dy't oannaam binne, wurde as it kin útfierd troch de boargers sels. De foarstellen wurde ek oan de gemeenteried oanbean mei it fersyk se yn behanneling te nimmen.