Duo achter enerzjyplan Wynjewâld ferkeazen ta 'Plattelânspioniers' fan Nederlân

26 maaie 2019 - 07:40

Frans Pool en Pieter de Kroon fan it projekt Wijnjewoude Energie Neutraal binne ferkeazen ta 'Plattelânspioniers' fan Nederlân.

Foto: VPRO, Stan Bouman

It plan fan Frans Pool en Pieter de Kroon is mei de ynwenners it doarp Wynjewâld yn 2025 enerzjyneutraal te meitsjen. Elk docht mei oan besparringen en draacht, nei fermogen, by om de griene stroom op te wekken. De lokale boeren binne de belangrykste enerzjyprodusinten, mei sinne- en wynenerzjy, mar foaral mei de mienskiplike produksje fan grien gas út kowedong.

Yn de syktocht fan it telefyzjeprogramma VPRO Tegenlicht nei plattelânspioniers hienen har mear as 75 pioniers oanmeld. Minsken koenen op de plannen stimme. Fiif finalisten kamen dêrút: twa troch it publyk keazen en trije troch in sjuery. De finalisten presintearren har ideeën sneontejûn op in spesjale byienkomst fan it programma. Dêr waarden de winners bekend makke.

De sjuery priizge it wurk fan de mannen fanwege har entûsjaste ferhaal en sjocht Wynjewâld as in foarbyld foar oare plakken yn de lanlike enerzjytransysje. Ek priizge de sjuery it brûken fan de besteande ynfrastruktuer foar it ferfier fan it opwekke biogas.

Mei de winner sil VPRO Tegenlicht in koarte fideo opnimme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)