LDODK winner Eareklasse A; SCO en Mid-Fryslân bliuwe yn middenmoat

De kuorballers fan LDODK ha op it fjild mei 21-21 lykspile tsjin DOS'46 en binne foar it earst winner fan de eareklasse A. Yn de haadklasse A wûn SCO en ferlear Mid-Fryslân. Dy beide ploegen steane yn de middenmoat.
© Omrop Fryslân, Freark Wijma

Thúsfoardiel krúsfinale

LDODK stie mei it skoft noch 13-10 foar, mar ferspile de foarsprong yn de twadde helte. Nettsjinsteande it lykspul is LDODK wol de wis fan it earste plak yn de Eareklasse A. Nûmer 2, DOS'46, stiet trije punten achter de Gordyksters, en mei noch ien wedstriid te gean kinne dy dus net mear ynhelle wurde. It earste plak betsjut foar LDODK dat se de heale finale yn de striid om de lânstitel thús spylje.

Haadklasse

SCO út Aldeholtpea naam it yn de Haadklasse A op tsjin OVVO/De Kroon. De Friezen wûnen mei 19-13 en komme dêrmei op in fiifde plak.
Op it fjirde plak stiet no Mid-Fryslân. Dy ploech ferlear fan Groen Geel. Yn Reduzum waard it 14-19.
De Eareklasse by it fjildkuorbal bestiet út twa pûls fan seis ploegen. De nûmers ien en twa spylje krúsfinales om in finaleplak. Dat is ien wedstryd, wêrby't de nûmers 1 it thúsfoardiel hawwe.
Yn de heale finale treffe de Gordyksters TOP (S) of PKC. Dat duel is op 15 juny op 'e Gordyk.
De finale wurdt spile op 22 juny yn De Lier (Súd-Hollân), op de fjilden fan ckv Valto.