Topklasse-debutant Jan Teade Nauta pakt tredde deititel op rige

Jan Teade Nauta hat foar de tredde kear op rige it fierljeppen wûn. Op It Heidenskip wie er mei 19,19 meter de sterkste. By de froulju wûn Sigrid Bokma mei 14,72. De meast opmerklike resultaten kamen lykwols fan de jongste ljeppers.
© Martin de Jong
Ysbrand Galama waard twadde mei 19,01. Mei 18,47 waard Sytse Bokma tredde. Nard Brandsma ljepte oer de 20 meter, mar syn sprong waard ôfkard om't hy te lang wurk hie. Hy ljepte yn it reade ljocht en waard úteinlik seisde.
By de froulju wûn Sigrid Bokma út Hylpen. Sy helle 14,72 en wie dêrmei Marije Reitsma (13,74) en Akke Dijkstra (13,16) foar.
© Martin de Jong

Rispens pakt seizoenrekôr

By de famkes yn de topklasse sprong Femke Rispens út Niehove (Grinslân) mei 15,47 in persoanlik rekôr. Se sprong dêrmei flink fierder as winneres by de froulju Sigrid Bokma. It is boppedat de fierste ôfstân fan it seizoen by de froulju yn Fryslân.

Jongestitel mei dik PR

De winst by de jonges wie foar Riemer Durk Krol út Heech, dy't in geweldich persoanlik rekôr sprong fan 17,77. Dat wie leafst 2,28 meter fierder as hy ea ljept hie. Dêrmei troefde hy favoryt Rutger Haanstra ôf (17,11). Peter Faber út Oldehove ljepte trije persoanlike rekôrs en waard mei 16,35 meter tredde.
Wietse Nauta wûn by de junioaren mei 17,57. Krektlyk as syn broer Jan Teade pakte hy syn tredde deititel.