Skoarende skiedsrjochter: "Zo wil je niet in het nieuws komen"

25 maaie 2019 - 22:10

Skiedsrjochter Maurice Paarhuis hat tûzenen reaksjes hân neidat er in doelpunt makke tsjin de Harkemase Boys. Dat seit er tsjin Omrop Fryslân. "Zo wil je niet in het nieuws komen."

Foto: www.orange-pictures.nl

Paarhuis hie de lieding yn de lêste wedstriid fan de Harkemase Boys. Healweis de twadde helte wie hy de lêste dy't de bal rekke, foardat er yn de goal bedarre.

Keeper Jouke Bosje fan de Harkemase Boys koe in earder skot mar heal keare, in ferdigener skeat de bal fuort, mar fia de peal, en de skonken fan de skiedsrjochter, ferdwûn er sa yn de goal.

Op de bylden liket it krekt as jout Paarhuis de bal in skop.

"Ik kan me goed voorstellen dat het lijkt alsof ik de bal schop," seit Paarhuis, "maar ik wilde mijn been optrekken." Foardat er it wist, lei de bal al yn de goal. "Dan kun je wel door de grond zakken."

"Dit heb ik nog nooit eerder meegemaakt, en ik hoop het ook nooit weer mee te maken. Het was een ongelukkige samenloop van omstandigheden."

Op de bylden is te sjen dat spilers ferbjustere binne. Neffens Paarhuis hie net elkenien yn de gaten hoe't de regels presys binne.

"De scheidsrechter is een cornervlag"

"Sommigen wilden een scheidsrechtersbal. In alle rust heb ik ze de regels uitgelegd. De scheidsrechter is als een cornervlag, een dood spelelement. Ik kon er niets anders van maken."

It kommend seizoen jilde der nije regels. Dan telt in doelpunt net, as de bal fia de skiedsrjochter yn it doel bedarret. "Dat is zo", seit Paarhuis, "maar daar heb ik nu niets aan."

"Ik heb mijn excuses aangeboden. De spelers reageerden sportief. Ze hadden door dat het niet opzettelijk was. Toen was het ook klaar."

(advertinsje)
(advertinsje)