ProRail: Wurk oan spoar nei Zwolle soarget foar steuringen by "belangrike brêgen"

25 maaie 2019 - 21:32

Wurksumheden oan it spoar soargje foar problemen mei meardere spoarbrêgen yn Fryslân. Dat meldt ProRail. It skipfeartferkear hat der lêst fan.

De spoarbrêge by Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ûnder oare de HRMK-spoarbrêge oer it Van Harinksmakanaal yn Ljouwert kin net betsjinne wurde. Dat is de brêge dêr't it spoar tusken Ljouwert en Zwolle oerhinne leit. ProRail is tusken Ljouwert en Meppel dwaande mei grutskalige wurksumheden oan it spoar.

Neffens ProRail feroarsaket it wurk steuringen oan "enkele belangrijke bruggen" yn de provinsje. Der soe "intensief" socht wurde nei in oplossing. It is net dúdlik hoe lang oft dat duorje sil.

NS set bussen yn

Treinreizgers moatte oant en mei snein 2 juny rekken hâlde mei fertraging tusken Ljouwert en Meppel. Yn it wykein is der gjin treinferkear mooglik. Dan wurde der op it hiele trajekt bussen ynset.

Fan moandei oant en mei freed rydt de NS mei in oanpaste tsjinstregeling tusken Akkrum en Meppel. Tusken Ljouwert en Akkrum ride bussen.

Neffens de NS duorret de reis 15 oant 45 minuten langer as normaal.

Trefwurden: 
spoarbrêge ProRail
(Advertinsje)
(Advertinsje)