Froulju SC Stiens promovearje nei lanlike haadklasse

De fuotbalfroulju fan SC Stiens ha mei 3-1 wûn fan VV Berkum. Sa binne se kampioen wurden fan de earste klasse B. Se promovearje lang om let nei de lanlike haadklasse.
© SC Stiens
It team is al fjouwer jier dwaande om kampioen te wurden, mar it waard it hieltyd twadde. "Dit jier giet it better," sei Aant van der Zee foarôfgeand oan de wedstriid. Hy is de lieder fan it team. "We binne kompleet, we ha in bredere seleksje en we binne hiel skerp. It moaie is dat de fammen ek allegear freondinnen binne."
De froulju wiene net ferplicht om te winnen, omdat se in hiel goed doelsaldo hiene. Dat liken se noch wol nedich te hawwen, want Berkum kaam krekt foar it skoft op 0-1.
Nei de rêst makken de froulju fan Stiens dit al gau wer goed. Yn de 49'ste minút skoarde Saskia Hoogstra de lykmakker. Noch gjin twa minuten letter wie it al 2-1 troch in goal fan Lisa Snoek. Iris Pinkster beslikke de wedstriid troch de 3-1 binnen te sjitten.