Meardere ploegen ride út foar boskbrân op Skylge

25 maaie 2019 - 20:44

Yn in bosk op Skylge is sneontejûn in natuerbrân útbrutsen. Neffens de brânwacht giet it om in lytse boskbrân fan 20 by 20 meter.

De brânwacht hie it fjoer fluch ûnder kontrôle. De offisier fan tsjinst wie op de fêste wâl, en hie neffens in wurdfierder fan de brânwacht de KNRM al alarmearre om sa gau as mooglik nei it eilân te kinnen, mar al gau blykte dat dat net nedich wie.

De brân wie yn de bosk oan de Badweg West by West-Skylge. De brânwacht waard om tsien foar achten hinne oproppen, en skaalde gau op. It korps fan Skylge wie mei meardere ploegen oanwêzich.

Foto: ProNews

Neffens in tsjûge kaam der in protte reek frij by de brân. Dat wie oant yn de wide omjouwing te sjen. Omstanners soene op it fjoer ôf kaam wêze neidat se de reekwolken sjoen hienen.

De brânwacht hat sa'n 20 minuten nedich hân om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. It is net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe.

Foto: ProNews
Trefwurden: 
Skylge brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)