Erwin Zeinstra oer skiedsrjochtersgoal: "In wike letter hie it gjin doelpunt west"

It is terjochte dat it doelpunt dat 'makke' waard troch de skiedsrjochter yn de lêste wedstriid fan de Harkemase Boys, meitelde yn de útslach. Mar hie it in wike letter sa bard, dan hie it nei meiteld. Dat seit assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp.
Skiedsrjochter 'skoart' tsjin Harkemase Boys
Zeinstra is miskien wol de bêste assistint-skiedsrjochter fan Nederlân. Hy hie de flage yn hannen op it ôfrûne WK yn Ruslân, en yn april fan dit jier stie er oan it fjild yn de heale finale fan de Champions League.
Hoewol't de skiedsrjochtersgoal op it fjild fan sportpark De Bosk foar ferbjustere reaksjes soarge by de Harkiten, seit Zeinstra dat it doelpunt wol telt. Skiedsrjochter Paarhuis makke de goeie beslissing, seit er.
Spilers binne ferbjustere nei it doelpunt fan de skiedsrjochter © www.orange-pictures.nl
"It is sa dat de skiedsrjochter sjoen wurdt as ûnderdiel fan it spul", seit Zeinstra. "As hy de bal oanrekket, giet it spul gewoan troch."

"Dit ha ik noch noait sjoen"

It komt net faak foar dat in skiedsrjochter 'skoart'. "Dat de bal sa fia de skiedsrjochter yn de goal giet, ha ik ek noch noait sjoen", seit Zeinstra.
Pynlik is wol dat de regel per 1 juny feroaret. "Dan wurdt de goal net mear goedkard, omdat it ûnearlik is as je der foardiel by ha." De regel wurdt dan oars. "As der dan skoard wurdt en de skiedsrjochter hat de bal rekke, en dêrtroch giet de bal yn de goal, dan telt de goal net mear."
De nije regel giet foar it earst yn op it wrâldkampioenskip foar froulju.