Nyck de Vries docht goede saken foar wrâldklassemint yn Monako

25 maaie 2019 - 19:45

Nyck de Vries is yn de twadde race fan Monako net fierder kaam as it sânde plak. Mar trochdat syn Kanadeeske rivaal Nicholas Latifi as nûmer 10 bûten de punten einige, die De Vries wol goede saken foar it wrâldklassemint fan de Formule 2.

As Latifi net twa bonuspunten krigen hie, omdat er de fluchste ronde delsette, hie De Vries no boppe-oan stien yn it klassemint. No is dat Latifi, mei 95 punten. De Vries stiet dêr ien punt ûnder.

De Vries (24), dy't fan Twellingea komt, wûn de earste race op it sirkwy fan Monako. Hy starte doe fan poleposition. It wie de twadde winst fan dit seizoen, yn de klasse dy't sjoen wurdt as it foarportaal fan de Formule 1.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)