Marit Bouwmeester pakt sulveren medalje op EK

Marit Bouwmeester hat de sulveren medalje wûn op it EK yn Portugal. Yn de Laser Radial sylde se twa sterke races op de lêste wedstriiddei. Se kaam as fjirde en as earste oer de streek.
Marit Bouwmeester pakt sulveren medalje op EK
Al foar de lêste race wie dúdlik dat Bouwmeester gjin Europeesk kampioene wurde soe. It punteferskil mei har Deenske konkurrinte wie te grut.
"Ik wist dat Denemarken net mear yn te heljen wie, mar ik stie op likense hichte mei België. Dus ik wist wat my te dwaan stie", sei Bouwmeester nei ôfrin. "Winst is in moaie ôfsluting fan it kampioenskip."
Bouwmeester hie fantefoaren gjin trainingsoeren makke op it wedstriidwetter. Bewust net. Sa woe se leare om om te gean mei ûnferwachte omstannichheden. En al hat dat in pear punten koste, se is fan doel om deselde taktyk op it WK ta te passen.
© Ocean Images Photography / Watersportverbond