Plysje siket twa jonges nei fûle brân op De Himrik

25 maaie 2019 - 17:19

De plysje siket twa jonges nei in brân yn in sloopwenning oan de Binnenwei op De Himrik. It is net dúdlik oft dizze jonges wat mei de brân te krijen ha.

Fikse brân yn wenning De Himrik

De brân bruts sneontemiddei út. Fia burgernet is de plysje nei de jonges op syk. It soe gean om twa jonges, fan 12 oant 16 jier, dy't op de fyts wiene.

Neffens in wurdfierder fan de brânwacht is der net ien ferwûne rekke by de brân. Der wiene gjin minsken yn de wenning oanwêzich doe't de brânwacht oankaam.

Brânwachtminsken út Drachten, Jobbegea en Aldeberkeap hat it fjoer út makke. De Himrik is in doarpke ten suden fan Drachten. De reek fan de brân wie yn de wide omkriten te sjen.

It is net dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
brân Hemrik
(Advertinsje)
(Advertinsje)