ONS Snits ferliest lêste kompetysjewedstriid dy't nearne om gie

De fuotballers fan ONS Snits ha de lêste wedstriid fan de kompetysje ferlern. Yn Katwyk waard it 3-1 tsjin KVV Quick Boys.
Yumé Ramos fan ONS Snits © www.orange-pictures.nl
ONS spile nearne mear om. De Snitsers wiene al feilich.
Yn de earste helte kaam Katwyk op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Chima Bosman en Tim Bloemendaal. Yn de twadde helte kaam ONS werom yn de wedstriid troch in doelpunt fan Nick Burger, mar yn de slotfaze beslikke Kay Tejan de wedstriid út namme fan de thúsploech. It waard 3-1.