Bûtenpost bliuwt yn haadklasse nei lykspul: "in prestaasje fan nivo"

25 maaie 2019 - 17:15

VV Bûtenpost spilet takom seizoen opnij yn de haadklasse. Yn de lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen waard it 1-1 tsjin SDC Putten. Dêrmei komt de klup op it tolfde plak yn it klassemint, en dat is krekt genôch om de neikompetysje te ûntrinnen. De opluchting yn de klaaikeamer wie grut, nei ôfrin fan de wedstriid.

Direkt nei de ôftraap stie Bûtenpost yn Putten al mei 1-0 achter. Mei ien lange bal skoarde Jurian van den Brink binnen 10 sekonden foar SDC Putten. De Friezen hiene it dreech, en spilen sawat de hiele earste helte tsjin in achterstân oan.

It wie spannend, en der wiene in protte kânsen. Troch in doelpunt fan Rob Dijkstra kamen de Friezen flak foar de rêst op likense hichte.

Bûtenspul

De twadde helte wie net om oan te sjen. In protte kânsen wienen der net, al like Bûtenpost noch wol te skoaren. Dat doelpunt waard ôfkard, fanwege bûtenspul. It bleaun 1-1.

Bûtenpost spile dit seizoen foar it earst yn de haadklasse. Dat de Friezen de neikompetysje ûntrinne, is neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries "in prestaasje fan nivo".

"Lykspul fielt as in oerwinning"

Neffens trainer René van der Weij fielt it lykspul as in oerwinning. "Het is alsof we kampioen zijn geworden. We hebben er het hele seizoen voor moeten knokken, maar we hebben het gehaald."

Foar spiler Robin Huisman de Jong is it ek geweldich. "Dit wie it heechste dat we helje koenen. En dat we it op de lêste dei dogge, dat is reden foar in feestje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)