Skiedsrjochter 'skoart' by lêste kompetysjewedstriid fan Harkemase Boys

25 maaie 2019 - 18:56

De fuotballers fan Harkemase Boys ha de lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen mei 4-2 wûn fan HSV Hoek. Ien fan de doelpunten waard 'makke' troch de skiedsrjochter.

Skiedsrjochter Maurice Paarhuis 'skoart' foar HSV Hoek - Foto: www.orange-pictures.nl

It skot fan Hoekspiler Kyle Doesburg waard heal keard troch keeper Jouke Bosje. In ferdigener fan Harkemase Boys wurke de bal fuort, fia de peal. De bal keatste dêrnei tsjin de skonken fan de skiedsrjochter oan, en ferdwûn sa yn de goal. Dat barde healweis de twadde helte.

"Dit was mijn eerste goal ooit als scheidsrechter," sei Paarhuis nei ôfrin tsjin in ferslachjouwer fan de PZC, "en hopelijk ook mijn laatste." It doelpunt is takend oan Hoek-spiler Rik Impens.

It wie in doelpuntrike wedstriid op it sportpark De Bosk. Yn de earste helte kaam Harkemase Boys op in 2-0 foarsprong, troch doelpunten fan Berwout Beimers en Henny Bouius. Op slach fan rêst krige Hoek in goeie kâns op de oanslutingstreffer. Impens stie frij, mar skeat de bal in meter neist de goal.

Yn de twadde helte kamen de Friezen goed út de startblokken wei. Kevin Mennega skoarde de 3-0. Dêrmei joech Hoek de moed net op. Rik Impens makke de 3-1, en fia skiedsrjochter Paarhuis waard it 3-2.

Yn de 71ste minút sette Jochem van Putten de wedstriid op slot. Hy makke de 4-2 foar de Harkemase Boys.

(advertinsje)
(advertinsje)