Opnij slachtôffal op de dyk: rydstrook Wâldwei ôfsletten

Foar de twadde kear yn twa dagen tiid hat in frachtauto op in Fryske dyk in lading slachtôffal ferlern. De smots leit op de Wâldwei, by Drachten.
© ProNews
Flak foar de ôfslach nei De Rottefalle is ien rydstrook ticht. Ferkear yn de rjochting fan Ljouwert hat dêr lêst fan.
Twa dagen lyn lei der ek al in lading slachtoffal op in Fryske dyk. Dat wie op de A7. Rykswettersteat melde dat it fan in frachtauto fallen wie by in stevige remaksje. It hat doe oeren duorre foardat de dyk wer frij wie.
It is net dúdlik hoe lang oft it opromjen op de Wâldwei duorje sil. En it is ek net dúdlik hoe't it guod dêr op de dyk telâne kaam is.