Kooyenga Groep ferlit Dokkum

De Kooyenga Groep ferlit Dokkum. It bedriuw fan Romke Kooyenga kiest foar in plak yn de midden fan it lân. Kooyenga fynt it spitich dat dizze kar makke wurde moat, mar seit dat it foar it bedriuw better is.
© Omrop Fryslân
De Kooyenga Groep is in detasjearringbedriuw dat benammen oerheden betsjinnet fan kwalifisearre personiel en advys. It bedriuw is foar 60 prosint oernaam troch útstjoerburo Olympia. Dy hawwe Kooyenga úteinlik oertsjûge dat it better is om yn Utrecht en omkriten te setteljen.
Fan de tsien minsken dy't noch yn Dokkum wurkje, hawwe fiif al oar wurk fûn, de fiif oaren hawwe oant takom jier april de tiid om oar wurk te finen. As dat net slagget dan komt der in goeie regeling, seit Kooyenga.
De gemeente Noardeast Fryslân hat noch gjin reaksje jûn oan Romke Kooyenga fertelt er. Neffens him is de bân tusken Dokkum en syn bedriuw net sa grut en hat de gemeente ek net safolle foar de Kooyenga Groep betsjut.
It docht lywkols wol wat mei de oprjochter en direkteur fan it bedriuw, seit er. De doar nei Fryslân is noch net hielendal ticht.