Sneltsjinst fan en nei It Amelân falt út om defekt

25 maaie 2019 - 13:56

Fan en nei It Amelân farre oant en mei moandei gjin sneltsjinsten. Alle ôffearten falle út. Dit is fanwege in stikkene ynstallaasje by it oanlisplak yn Holwert.

Foto: Wagenborg Passagiersdiensten

De sneltsjinst kin dêrtroch net oanlizze. Ek de wettertaksy is net op ôfrop beskikber troch it defekt.

Trefwurden: 
It Amelân sneltsjinst
(advertinsje)