Kleurrike dei yn Ljouwert: Fries Straatfestival en PRIDE
In grut ferskaat oan artysten lit sneon yn de Ljouwerter binnenstêd it bêste fan har repertoire sjen op it Fries Straatfestival. Der is fan alles te belibjen: muzyk, strjitteäter, lokale acts, acts foar bern en byldzjende keunst.
Earder stie it festival faai, mar nei in subsydzje koe it dit jier dochs wer organisearre wurde. De earste edysje wie yn 1980.
Ien fan de acts is in ynteraktive strjitteäterfoarstelling, besteande út in mobile ynstallaasje dy't mei dappere omstanners op strjitte ta libben komt. In oare is act is dy fan jonge talinten fan Jazzdance Balletstudio Nynke van Duinen. Achter grize en rimpele maskers dûke se oeral op. Wer in oar makket muzyk mei syn selsmakke glêsoargel.
PRIDE
PRIDE Leeuwarden docht de binnenstêd ek oan. De feestlike boateparade fiert it earste lustrum en hat as tema reinbôge(flagge). De boaten farre troch de grêften tusken 16.00 en 18.00 oere. Jûns is in feest mei ûnder oare sjongeres Imca Marina.
Omrop Fryslân is ek op it festival. It radioprogramma Sneon yn Fryslân, mei Diana de Groot, komt dêr tusken 13.00 oant 18.00 oere live wei fan it poadium oan it Waagplein wei. Ek it promoteam is derby mei it spultsje de 'Wylde wurdstriid': fjouwer minsken yn letterpakken moatte wurden foarmje. Dielnimmers krije in Omrop-sinnebril en se meitsje kâns op de haadpriis.