Pier Pander Museum yn Ljouwert wer iepen mei fernijde tentoanstelling

Ta gelegenheid fan de 100ste stjerdei fan byldhouwer Pier Pander is it Pier Pander Museum yn Ljouwert fernijd. De reade tried yn it libbensferhaal fan Pander is bestean bleaun, mar in grut part fan de objekten is fernijd en dêryn ek wurk dat net earder te sjen wie. Pier Pander (1864-1919) wie in ferneamd byldhouwer om 1900 hinne.
© HCL
"Hy is no miskien wat fergetten, mar yn syn tiid wie er de meast ferneamde byldhouwer eins. Hy koe der flink fan libje", fertelt Geart de Vries, direkteur fan Historisch Centrum Leeuwarden dêr't it museum ûnder falt.
Pier Pander waard yn 1864 yn earmoede berne op in skipke yn Drachten. It museum hat noch wurk út syn bernejierren. Doe wie al te sjen dat hy talint hie. Hy mocht nei de Kunstnijverheidsschool yn Amsterdam en dêrnei nei Parys. Yn 1885 wûn er in hiele belangrike priis: de Prix de Rome. Hjirtroch koe hy studearje en wurkje yn Rome, it plak dêr't hy de rest fan syn libben wenjen bliuwe soe. Ek mei omdat hy tuberkuloaze krige en in waarm klimaat him goed die.

Timpeltsje

Pander kaam faak werom nei Fryslân. Hy liet al syn wurk nei oan de gemeente Ljouwert. Yn 1954 waard it Pier Pander Museum boud, flakby syn timpeltsje yn de Prinsetún. Dat timpeltsje hie hy by libben al ûntwikkele, mar is pas yn 1924 werklik boud. Der steane fiif moarmeren bylden dy't syn fyzje werjouwe op hoe't in keunstner keunst makket.
Yn Nederlân is Pander it meast ferneamd troch syn portret fan keninginne Wilhelmina, dat yn 1898 ôfbylde waard op de Nederlânske gûne. Pander krige dizze opdracht, ta eare fan Wilhelmina har ynhuldiging, as erkenning fan syn status.
Geart de Vries fan HCL
It Pier Pander Museum en de timpel binne sneons en sneins iepen fan 25 maaie oant en mei 29 septimber fan 13.00 oant 17.00 oere.