Fryske brânwachtposten mei nij materieel better taret

25 maaie 2019 - 12:23

Tsien Fryske brânwachtposten binne tenei wer better taret op de helpferliening. Op De Jouwer krigen korpsen út ûnder oaren Balk, Burgum, Grou, De Lemmer en Wolvegea sneon nije auto's en boaten om sa har taken op en by it wetter útfiere te kinnen.

"In de auto's zijn verschillende zaken zoals zwemvesten, AED-koffer, redlijnen, verbindingsmiddelen voor communicatie, flippers, helmen met verlichting, maar ook drijvers met prikhaken om slachtoffers op een goede manier van het ijs te krijgen", leit Piet van der Vlist fan de brânwacht út. Dizze teams binne net de dûkteams fan de brânwacht. "Het gaat om drenkelingen die aan de oppervlakte zichtbaar zijn."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferline jier moast de tsjinst 40 kear yn aksje kommen. "Het gaat dan om zaken als een persoon of voertuig te water, een omgeslagen zeilboot of een schip in de problemen."

Yn Fryslân binne yn totaal tsien saneamde 'oerflakterêdingteams'. It materieel komt benammen yn de wetterrike gebieten te stean. De brânwacht is wiis mei de útwreiding. "Nu kunnen mensen nog sneller helpen." Mei de simmer foar de doar tinkt er it wol wer drok te krijen.

Piet van der Vlist

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
brânwacht materieel
(advertinsje)
(advertinsje)