'Ekspedysje Oerpolder': fytse troch It Heidenskip en leare oer de rike skiednis

25 maaie 2019 - 12:15

Minsken dy't samar fan de fyts stappe en in pear minuten stil neist de fyts stean. It is in fertroud byld foar de bewenners fan Warkum en It Heidenskip sûnt ferline jier de audio-app 'Ekspedysje Oerpolder' online kommen is.

Fytspaad troch it Heidenskip - Foto: Omrop Fryslân

Mei de app op de telefoan kin in rûte fytst wurde dy't begjint by de Waag yn Warkum en einiget yn It Heidenskip. De stim op de app fertelt wêr't de fytser lâns moat, mar dat is net it iennige. Der binne ferhalen oer de rike skiednis fan It Heidenskip, faak ferteld troch de Heidenskipsters sels.

Hylke Speerstra

De tocht is tsien kilometer lang en op 13 punten op de rûte wurdt in ferhaal ferteld. Skriuwer Hylke Speerstra is ien fan de minsken dy't oan it wurd komt. Foar syn boek 'De Oerpolder' hat hy in soad histoaryske ferhalen boppe wetter krigen. Ien fan de oare minsken dy't oan it wurd komt is in frou fan 86 jier dy't fertelt oer de winkel dy't har âlden eartiids hiene.

De app is ferline jier online kommen. Yn it earste jier is de app 5.000 kear delhelle, mar dat wol net sizze dat de tocht ek 5.000 kear fytst is. Heidenskipster Gerrit Twynstra, dy't ek meiwurke hat oan de ûntwikkeling fan de app, doart net in oantal te neamen. Hy konstatearret dat der geregeld groepkes fytsers troch It Heidenskip fytse dy't sa no en dan stilsteane. Ien dy't alles fytst en ôfharket kin wol trije oeren ûnderweis wêze.

It Heidenskip is de namme fan de streek én de namme fan it doarpke. It doarpke wurdt ferdield yn 'de Hel' en yn 'Brânburren', in gebiet like grut as Ljouwert.

Gerrit Twynstra

Yn Buro de Vries fan 26 maaie is in sfearreportaazje te hearren fan programmamakker Geartsje de Vries dy't tegearre mei Heidenskipster Gerrit Twynstra oan de hân fan de app de tocht fytst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)