Fisken telle op eastlik Waad om byld te krijen fan ûnderwetternatuer

De fangsten yn in fûke ticht by de slûs fan Lauwerseach en dy fan in monitoringsfûke by Skiermûntseach wurde trije jier lang teld. Sa wolle ûndersikers derachter komme hoe ryk oft it eastlike Waad oan fisk is en wat de fiskmigraasje tusken swiet en sâlt wetter hjir betsjut en betsjutte kin.
Fisken telle op eastlik Waad om byld te krijen fan ûnderwetternatuer
De fûke by Skiermûntseach hat in al in jier lang proefdraaid, mar freedtemiddei is dit projekt offisjeel begûn. It wurk leit yn hannen fan fiskers, wittenskippers en natuerbeskermers. Sy binne it lang net altyd iens, mar der wurdt no mei elkoar fol ynset op it better yn kaart bringen fan de ûnderwetternatuer fan dit stik Waad en de Lauwersmar.
De trije partijen dy't hjirby belutsen binne, binne Staatsbosbeheer, de koöperaasje Vissers van de Kust en ûndersyksynstitút NIOZ fan Texel. It NIOZ hat al 60 jier lang in ûndersykfûke yn it westlike part fan it Waad.
De fangsten dêr rinne al jierren lang stadichoan werom. Dêrtroch is it byld ûntstien dat der hieltyd minder fisk yn de Waadsee sit, mar om't it om mar ien fûke giet, binne benammen fiskers dêr noch net fan oertsjûge. Ek hawwe sy der belang by dat fisken better hinne en wer kinne tusken swiet en sâlt wetter.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar Staatsbosbeheer is mear omtinken foar de ûnderwetternatuer wol wat nij. Sy binne foaral dwaande mei it beskermjen fan de natuer boppe wetter. Mei help fan ekskurzjes wolle sy ek it grutte publyk de eagen iepenje foar wat der ûnder wetter libbet.
Boppedat antisipearje sy al wat op in gruttere rol yn it beskermjen fan it Waad foar wannear't der nije Waddenautoriteit is. Takom moanne moat bekend wurde hoe't dy nije 'autoriteit' derút sjen sil.
En de wittenskippers wolle net allinnich witte hoefolle fisk oft der yn de Waadsee swimt, mar ek hoe wichtich oft it gebiet is foar in grut ferskaat oan soarten fisk. Fan fûgels dy't op in grut ferskaat oan plakken op de wrâld ferbliuwe, witte wy al dat it Waad in wichtige funksje hat. Bygelyks om te brieden of om oan te sterkjen sadat sy fierder fleane kinne. Dat wurdt ek wol de ynternasjonale 'flyway' neamd. Itselde soe ek wolris foar guon soarten fisk jilde kinne en dat neame sy dan de 'swimway'. Mar dêr is no noch folle minder oer bekend.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries