Fuotbalfroulju fan Stiens kinne lang om let promovearje

25 maaie 2019 - 09:26

De fuotbalfroulju fan Stiens kinne sneon kampioen wurde fan de earste klasse B, en promovearje nei de lanlike haadklasse. De froulju binne noch net offisjeel kampioen, mar se ha in goede foarsprong.

Foto: SC Stiens

"We ha oan in lykspul genôch, it kin hast net mear ferkeard gean", fertelt Aant van der Zee, lieder fan it team, entûsjast. "We sille net ferlieze, dêr sit ik net oer yn." Tsjinstanner is VV Berkum út Zwolle dy't no fjirde stiet. De wedstriid begjint om 15.00 oere.

Fjouwer jier is it team al dwaande om kampioen te wurden en waard it hieltyd twadde. "Dit jier giet it better, we binne kompleet, ha in bredere seleksje en binne hiel skerp. It moaie is dat de fammen ek allegear freondinnen binne."

Van der Zee priizget de hiele organisaasje dy't meiholpen hat yn de prestaasje. As se promovearje, wurdt it nivo wol heger takom jier. "Dêr binne we wol oan ta."

De spandoeken yn it doarp binne al klear. "It wurdt in moai feest", beslút Van der Zee.

Aant van der Zee

Trefwurden: 
fuotbal froulju Stiens
(advertinsje)